Noppert wint, mar is dochs útskeakele op de Grand Slam

Danny Noppert (argyffoto) © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert is tiisdeitejûn definityf útskeakele op de Grand Slam of Darts 2017. De Jouster wûn wol syn lêste pûlwedstriid fan Mark Webster mei 5-2, mar moat troch de twa eardere ferliespartijen dochs ôfskied nimme fan it toernoai. De earste fjouwer legs gienen lykop, mar yn de fiifde bruts Noppert syn tsjinstanner út Wales mei in finish fan 72. Fan dat momint ôf smiet de Jouster de wedstriid reedlik ienfâldich út. Noppert hie tiisdeitejûn noch in wiskundige kâns om troch te gean nei de knock-out faze. De Jouster hie dêrfoar lykwols mei in grutter ferskil winne moatten fan Mark Webster.
It folgjende telefyzjetoernoai fan Danny Noppert folget yn desimber. Dan spilet de 26-jierrige darter op de Finder Darts Masters, yn Egmond aan Zee. Twa jier lyn stie de Jouster dêr al ris yn de heale finale.