Afûk krijt 180.000 euro provinsjejild foar Fryske boek

14 nov 2017 - 21:21

De Afûk krijt 180.000 euro fan de provinsje foar de promoasje en de ferkeap fan it Fryske Boek. De taken dêrfoar binne earder dit jier oergien fan Tresoar nei de Afûk. De Afûk hat in plan opsteld oer hoe't se de boeken oan de man bringe sille. It jild kinne se dêrfoar goed brûke. Neffens direkteur fan de Afûk Koen Eekma sit der wer in opgeande line yn de ferkeap fan Fryske boeken. Dit komt ek troch de sutelaksjes by de doarren del. Dat hat in pear jier stillein mar it suteljen smyt hieltyd mear op. 

Trefwurden: 
Afûk Fryske Boek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)