Stedskantoar fan Ljouwert omdoopt ta 'gemeentehuis'

14 nov 2017 - 21:08

It stedskantoar fan de gemeente Ljouwert by de Aldehou hjit no offisjeel 'Gemeentehuis'. De nije gemeente bestiet nei de weryndieling mei Ljouwerteradiel en in diel fan Littenseradiel út de stêd Ljouwert én mar leafst 35 doarpen en dan past de namme stedskantoar net mear, fynt wethâlder Friso Douwstra. 

By de seremoanje foar de nammeferoaring presintearre Peter Karstkarel tiisdei it earste eksimplaar fan syn boek '36 x Leeuwarden'. Yn dat boekje steane beskriuwingen fan de stêd en alle 35 doarpen. Alle meiwurkers fan de gemeente krije noch foar de krystfakânsje in eksimplaar, sadat eltsenien takom jier goed bekend is mei de nije gemeente.  

De nije namme betsjut ek dat it gebou klear is as wurkplak foar alle amtners dy't oergeane nei Ljouwert. Sy komme te wurkjen op 'fleksplakken' yn it gemeentehûs. Foar in ôfspraak mei boargers kinne se gebrûk meitsje fan in nagelnij wurkkafee. It stedskantoar is de ôfrûne tiid flink ferboud en ek folle duorsumer makke. Dy operaasje is noch net hielendal klear. De kommende tiid wurdt noch wurke oan in stedstún oan de foarkant fan it gemeentehûs en oan in trochgeande kuierrûte fan Nijstêd nei Aldehou, dwers troch it gebou. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)