Frachtrider set spûkrider op Ofslútdyk oan de kant

© Omrop Fryslân
In frachtweinsjauffeur hat tiisdeitejûn in spûkrider oan de kant setten op de Ofslútdyk. Om goed tweintich oer achten waard troch de ferkearsynformaasjetsjinst melding dien fan in spûkrider tusken it knooppunt Surch en Breesândyk. In pear minuten letter kaam de melding dat in frachtwein de spûkrider oan de kant setten hie. De ferkearsynformaasjetsjinst brûkte op Twitter by de melding hjirfan de #held