Boargemaster oan de slach as coach fan nijkommers gemeente

Boargemaster Van de Nadort mei frou Kaskeen © Weststellingwerf
Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf is tiisdei úteinset as wurkcoach fan nijkommer frou Kaskeen. Sy folget mei noch 15 nijkommers út benammen Syrië en Eritreä in saneamde VIP-training yn Wolvegea. VIP stiet foar Vluchtelingen Investeren in Participeren. De dielnimmers leare de Nederlânkse arbeidsmerk kennen en wat se as wurknimmer te bieden ha. Se leare de gewoanten op de wurkflier en ûntdekke wat de mooglikheden binne.
Elkenien wurdt oan in coach keppele dy't se helpt yn de syktocht nei betelle wurk. Van de Nadort nimt dizze taak foar de kommende 100 dagen op him. Hy sil frou Kaskeen foarstelle oan in tal wurkjouwers yn syn gemeente.