Mem en poppe tenei ferpleegd yn ien keamer yn Nij Smellinghe

14 nov 2017 - 20:03

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten iepenet freed in spesjale 'Gezinskeamer +'. As nei de berte fan in poppe bliken docht dat sawol de mem as it bern siik is, kinne se tagelyk fersoarge wurde yn dy gesinskeamer. Foarhinne waarden mem en bern dan útelkoar helle en op ferskillende ôfdielingen ferpleegd. De mem lei dan op de tredde ferdjipping en it berntsje op de begeane grûn. Dat wie net winsklik, neffens ferpleechkundige Mirjam Boven: "Dat is voor een pasbevallen moeder de andere kant van de wereld." Neffens Boven is it foar de bining tusken de âlden en it bern wichtich dat se yn dy earste faze in soad tiid mei-inoar trochbringe. Yn de keamer stiet ek in sliepbank, sadat bygelyks ek de heit harren bystean kin.

"In Nij Smellinghe doen we zo'n 1000 bevallingen per jaar. Tussen de tien en de twintig keer per jaar komt deze situatie voor", fertelt Boven. Dêrom tinkt it Drachtster sikehûs dat ien sa'n 'Gezinskeamer +' earst foldwaande is. Se besjogge it as in pilot en kinne der letter altyd noch mear sa ynrjochtsje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)