Sander Metz giet toch fierder mei it sykjen fan syn âlden

Mei in komposysjetekening fan hoe't syn âlden der út sjen kinne, is Sander Metz no dochs wer op syk nei syn biologyske âlden. Earder sei er dat er de syktocht stake soe. Sander komt fan It Amelân en wennet no yn Itens. "Eins hie ik my der al by deljûn dat ik se nea fine soe. Mar der binne dochs perioaden dat it mear kribelet. As ik mei reinich waar binnendoar sit bygelyks." Sander Metz krige op in bepaald momint in tekening fan himsels, doe tocht er: "As se dat sa yn detail tekenje kin, kin se dan ek in tekening meitsje fan hoe't myn heit en mem der út sjen kinne. Dat koe tekeneres Doety Klijnstra, op basis fan foto's fan my, en fan myn bern. Se seach bepaalde kenmerken dy't wol bot nei foaren kamen. It binne hiel detaillearre tekeningen wurden. Ik ha se online set en kin allinne mar hoopje dat dat wer in nij oanknopingspunt opsmyt".
It sjen fan de tekening makke him wol emosjoneel: "Der steane twa minsken op papier, dy't myn kenmerken ha. Dat is wol konfrontearjend. Mar ik bin der wol bliid mei. Ik sjoch dat it in protte dield wurdt. As der neat út komt, dan is dat ek goed. Dat ha der ik yn alle gefallen fjouwer moaie tekeningen oan oer holden."