Keninginne Máxima praat op It Fean mei ûndernimmers

14 nov 2017 - 18:05

Ien fan de grutste problemen by it midden- en lytsbedriuw yn Noard-Nederlân is it finen fan geskikt personiel. It wie ien fan de problemen dy't op tafel kaam by it evenemint NLGroeit yn Thialf op It Hearrenfean. Dat is opset troch de Keamer fan Keaphannel en it ministearje fan Ekonomyske Saken. By sa'n byienkomst krije ûndernimmers dy't groeie wolle tips fan kollega's dy't al suksesfol binne of al sa'n groeispurt meimakke ha. Sa is der in 'mentor-programma' opset. De mentor jout dan advizen om problemen mei bygelyks personiel of finansiering op te lossen. Op it stuit is der benammen yn de ynstallaasjetechnyk in soad ferlet fan goede minsken. Ien fan de oplossingen dy't betocht waard wie it opsetten fan in kampanje om it imago fan dy sektor te ferbetterjen.

Keninginne Máxima wie ek te gast. Sy is troch it ministearje fan Ekonomyske Saken frege geregeld oan te skowen by dizze byienkomsten. Se kin mei har ûnderfining en netwurk in soad betsjutte foar de bedriuwen. Eric Kroontje fan it Boalserter bedriuw Poedercoating wie ien fan de ûndernimmers dy't mei har prate mocht. Neffens him wie de keninginne goed op de hichte fan de problemen yn it midden- en lytsbedriuw. Se stelde skerpe fragen en joech sa no en dan tips. Ek makke de keninginne oantekeningen dy't se trochjaan sil oan de ferantwurdlike minsken. Neffens ûndernimmer René Tulner fan Wijnvoordeel.nl fan De Gordyk is sa'n besite fan de keninginne fan grut belang foar de bedriuwen. "Ze heeft echt een sterke wil om Nederland een stap verder te krijgen. Ze kan de ondernemers prikkelen en ook faciliteren. Ze is goed op de hoogte van wat er speelt en dat is buitengewoon prettig."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)