Grinzer (53) moat oardel jier de sel yn foar oplichting

Justysje © Omrop Fryslân
In 53-jierrige Grinzer moat oardel jier de sel yn foar oplichting. Ek lei de rjochter him noch in heal jier sel op ûnder betingst. De straf is heger as earder easke troch it Iepenbier Ministearje. De man kaam earder yn it nijs opdat er in skoft yn de bêd en brochje fan âld- Omrop Fryslân presintatrise Dieuwke Kroese sitten hie sûnder te beteljen. Yn trije moanne tiid hat de man 16 slachtoffers makke. De oplichting fûn plak fia ynternet mei guod dat er te keap oanbea, mar net levere. Hy iet, dronk en sliepte yn ferskate hotels en bêd en brochjes sûnder te beteljen.
Hy krige hy ek jild fan in âlder echtpear troch him út te jaan as hert-en faatspesjalist. Njonken de selstraf moat hy oan de steat 13.000 euro betelje. Dit jild soe er fertsjinne ha mei syn kriminele aktiviteiten.