It Amelân giet fierder mei plannen foar klaaidosjitbaan

14 nov 2017 - 17:31

De gemeente It Amelân giet fierder mei de proseduere foar it ferlienen fan in fergunning foar in nije klaaidosjitbaan by it fleanfjild fa Ballum. It kolleezje fan B en W hat ûndersyk dien en dêrút docht bliken dat it ynlûken fan de fergunning net oan de oarder is. Wol kinne minsken noch hieltyd beswier yntsjinje. Kommende freed sille dizze beswieren troch in kommisje behannele wurde. Dêrnei sil de gemeente har opnij oer it dossier bûge. Op It Amelân is ûnrêst ûntstien troch plannen fan ûndernimmer Robert Oud om in klaaidosjitbaan oan te lizzen op it terrein fan it fleanfjild, tichtby it sinnepark. Omwenners binne benaud foar lûdsoerlêst. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)