VLOG: Bern, in toskedokter en in foarstanner fan wynmûnen

14 nov 2017 - 16:47

Fiif Fryske gemeenten hâlde mei yngong fan  2018 op te bestean. It giet om Littenseradiel, It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Ljouwerteradiel. De ynwenners fan dizze gemeenten meie 22 novimber nei de stimbus en ek de ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân stimme om’t har gemeente grutter wurdt.

Ferslachjouwers Afke Boven (Ljouwert), Lennie Bronsveld (Waadhoeke) en Bauke Deelstra (Súdwest-Fryslân) dogge fanút de trije nije gemeenten yn vlog-foarm alle dagen ferslach fan de saken dy’t yn dy gemeente spylje.

Bauke Deelstra is útfanhûs yn Wûns en praat mei in foarstanner fan Nij Hiddum-Houw

Afke Boven ûnder it mes by de toskedokter fan Mantgum yn de nije gemeente Ljouwert

Lennie Bronsveld freget de bern yn Spannum wat sy ferwachtsje fan de polityk yn Waadhoeke

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)