Famylje De Vries: hús net klear, mar keet wurdt ôfbrutsen

14 nov 2017 - 16:33

De famylje Geert en Afke de Vries út Kolderwâlde is tiisdei dochs nei in appartemint ferhuze. De keet dêr't se 16 jier yn wenne ha, wurdt woansdei yn opdracht fan de gemeente De Fryske Marren ôfbrutsen. En dat allegearre fanwege in slepend konflikt oer de bou fan harren nije hûs. Yn de 16 jier dat se yn de keet wenne hawwe, hawwe se dêr in soad meimakke. Harren dochter fan 13 is der berne en in soantsje fan trije moanne is dêr stoarn. Se hiene der dan ek graach wenjen bliuwe wollen oant it nije hûs klear is, mar dat mei net. By de bou fan it nije hûs gie fan alles mis mei de flier en ek no leit dy noch hieltyd iepen.

Teloarsteld yn de gemeente

De famylje De Vries fielt him benammen yn de steek litten troch de gemeente. De iennichste dy't yn al dy jierren by harren west hat, is boargemaster Aalberts. Foaral Geert de Vries is slim depressyf fan de hiele situaasje, hy jout planút ta dat er soms plannen hat om der in ein oan te meitsjen. Afke hopet dat de ferhuzing nei it appartemint foar ferbettering soargje sil, mar Geert hat der net folle fertrouwen mear yn.

Trefwurden: 
Kolderwâlde keet nijbouhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)