FIDEO: It Sinteklaassjoernaal sjen mei de bern fan Dokkum

14 nov 2017 - 15:57

Op de Burgerskoalle yn Dokkum binne de bern al drok dwaande mei de Sinteklaasyntocht fan sneon. Moandei wie it earste Sinteklaassjoernaal te sjen op NPO 3 en tiisdeitemoarn seagen de bern de útstjoering mei juf Avelien van der Heide wer werom. Yn de útstjoering wie te sjen dat de boat fan Sinteklaas yn in stoarm bedarre is en dat it grutte boek fan Sinteklaas yn Dokkum oanspielde. Spannend foar de bern fansels, want komt it allegearre wol goed foar sneon?

Foar de folwoeksenen wie it de fraach hokker kleur de Piten hawwe soene, mar dy kamen noch net yn byld. Neffens juf Avelien fan de Dokkumer basisskoalle spilet it yn alle gefallen net sa yn de stêd. Wol stiet de folsleine stêd op syn kop foar de yntocht. Diken binne ôfset en toeristen freegje wat der no eins allegearre oan 'e hân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)