Winterfestival giet net troch

31 okt 2011 - 08:42

It Winterfestival yn Ljouwert giet dochs net troch. It sintrummanagemint wol gjin 10.000 euro meibetelje oan it festival. It managemint is ûnderdiel fan it Ljouwerter Undernimmers Fûns, dat earder al bekend makke gjin jild beskikber te stellen.

Om't it festival doe ek al gefaar rûn, stelden Ljouwerter ûndernimmers 30.000 euro beskikber. Mar no't op 'e nij in finansjele bydrage fuortfalt, giet it festival definityf net troch. It festival lûkt elk jier 50.000 minsken.

(advertinsje)
(advertinsje)