Eksplosive sitewaasje soarget foar selstraf

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It meitsjen fan in gat yn de gaslieding fan syn hûs komt in 48-jierrige Ljouwerter djoer te stean. Hy moat foar in healjier de sel yn, en krijt dêrby noch in jier selstraf ûnder betingst. De Ljouwerter makke op 23 july dit jier mei in skroef in gat yn de gaslieding. Dêrnei sette hy syn keuken yn brân. Neffens in helpferliener wie de man sa "stoned als een garnaal".

Doe't de brânwacht by it hûs oankaam siet de man "relaxed" op in elektrisiteitskastje. In dei earder hie de brânwacht ek al by him oan de doar west fanwegen gaslekkaazje. Neffens de rjochtbank hie it hielendal ferkeard ôfrinne kinnen as it gas ûntploft wie yn de tuskenwenning. De man hat in ferstanlike beheining. De rjochtbank hâldt dêr yn de straf rekken mei.