Minder blessearre sporters op de earste help

Der binne ferline jier minder minsken mei sportblessueres op de earste help fan de sikehuzen telâne kaam. It wiene der lanlik 121.000. By it MCL yn Ljouwert fernimme se dy weromgong ek. Der komme minder sporters op de earste help. Neffens ûndersikers fan VeiligheidNL komt dat om't hieltyd mear sporters mei in lytse blessuere earst nei de húsdokter of de Dokterswacht gean. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei it hegere eigen risiko dat je betelje moatte as je nei in sikehûs gean. De húsdokter falt dêr net ûnder.