ISU mei riders net ferbiede kommersjele wedstriden te riden

14 nov 2017 - 14:15

It ynternasjonale reedrydbûn ISU mei reedriders net ferbiede om mei te dwaan oan wedstriden dy't net troch it bûn sels of de nasjonale bûnen organisearre binne. Neffens parseburo Reuters soe der oer in pear wiken in definityf beslút komme moatte fan de Europeeske Kommisje.

De saak kaam oan it rôljen doe't âld-riders Mark Tuitert en Niels Kerstholt yn 2014 troch it ISU bedrige waarden mei in skorsing foar it libben, as sy meidwaan soene oan de Icederby yn Dubai. De reedriders koene dêr in soad jild fertsjinje. Meardere riders hawwe dêrop in brief stjoerd oan de Europeeske Kommisje. Hjirby sieten ûnder oare Sven Kramer, Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt en Rintje Ritsma.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)