Needmelding Iselmar bliuwt grut riedsel

14 nov 2017 - 12:05

De Kustwacht stiet noch hieltyd foar in riedsel oer de trije needmeldingen op de Iselmar moandeitejûn. De helptsjinsten krigen in melding dat der tusken Hoorn en Koarnwert ien yn need wêze soe. Fanwege it grutte gebiet gongen de helptsjinsten manmachtich op ûndersyk út mei sân rêdingsboaten en ien SAR-helikopter. Se sochten oerenlang op it wetter, mar koene neat fine. Ek de oare skipfeart waard by de syktocht belutsen.

It is noch hieltyd net dúdlik wa't de melding dien hat en wêr't dy krekt weikaam. It is net út te sluten dat it om in grap giet. Mar de Kustwacht nimt eltse 'mayday-melding' earnstich, seit wurdfierder Pieter Agema. It bart aldergeloks net faak dat in grutte syktocht om 'e nocht útfierd wurdt.

Trefwurden: 
kustwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)