Trije bekeuringen foar pizzakoerier

14 nov 2017 - 11:40
Pizza - Foto: Omrop Fryslân

In Ljouwerter pizzakoerier hat moandeitejûn trije boeten krigen. De man ried mei syn brommer yn in diel fan de stêd dêr't je net mei brommers komme meie. Hy koe boppedat gjin identiteitsbewiis sjen litte. Nei't de plysje syn identiteit efterhelle hie, die al gau bliken dat de man gjin rydbewiis hie.

Trefwurden: 
pizzakoerier bekeuring
(advertinsje)
(advertinsje)