Bunker Museum wol treintsje ride litte op Skylge

14 nov 2017 - 11:20

It bestjoer fan it Bunker Museum op Skylge wol flink útwreidzje. Se wolle in replika fan de radarpost en útsichttoer meitsje, it lytse sikehûs opnij bouwe en der moat in heale kilometer lange spoarline komme. Mei it kompleks om de eardere Dútske Tigerstelling hinne, wol de stichting Bunkerbehoud Terschelling de meast komplete stelling fan Europa realisearje.

De plannen kostje hast 400.000 euro. Dat jild moat fia de besikers op it kleed komme. Foarsitter Jort Spanjer hat der alle fertrouwen yn. Sûnt july 2015 hawwe der al mear as 16.000 besikers west. Alle rûnliedingen wiene neffens Spanjer útferkocht. Foar de plannen moat wol it bestimmingsplan oanpast wurde. Der sit no noch in natuerbestimming op en dat moat in museumbestimming wurde, seit Spanjer. Tiisdeitejûn sil de stichting de plannen oan de gemeenteried taljochtsje.

Trefwurden: 
Bunker Museum Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)