Omrop TIP: De live-ûntknoping fan It Moaiste fan Fryslân

De winner fan de ferkiezing 'It Moaiste fan Fryslân' wurdt moarn, tongersdei 16 novimber, yn in útstjoering fan Fryslân Hjoed op lokaasje bekendmakke. Earder dit jier is de ferkiezing úteinset mei in top 100. Fyftich objekten waarden selektearre troch in faksjuery ûnder lieding fan Jannewietske de Vries. De oare objekten waarden troch dyselde sjuery keazen út mear as 350 publyksynstjoeringen. De ôfrûne moannen binne 44.000 stimmen útbrocht troch it publyk.

Yn de útstjoering fan Fryslân Hjoed fertelle arsjitekten en grûnlizzers fan It Moaiste fan Fryslân, Bauke Tuinstra en Jacob Borren, oer harren motivaasje foar it opsetten fan de ferkiezing. Is harren missy slagge? Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân, nimt ús mei yn wat de ferkiezing foar 2018 betsjutte kin en efterlitte kin dêrnei. Marc Visser fan Hûs en Hiem jout in taljochting op de top 3 út de ferkiezing. De úteinlike ûntknoping fan de ferkiezing leit yn hannen fan ferslachjouwer Johanna Brinkman. Sy bout de spanning op mei ferskate reportaazjes, troch hints te jaan en te einigjen by de nûmer 1.

De kânshawwers op de titel 'It Moaiste fan Fryslân' binne it Planetarium yn Frjentsjer, de Wetterpoarte yn Snits, it Karmelkleaster yn Drachten, Park Vijversburg yn Tytsjerk, it stedhûs fan Boalsert, de Kliffekust by Warns, Apotheek Centraal yn Ljouwert, de Noorderhaven fan Harns, de eilanner húskes op Skiermûntseach en de seedyk lâns de Fryske waadkust.
Fryslân Hjoed komt spesjaal foar de ûntknoping út de Blokhúspoarte wei. Yn it Alibi Hostel presintearret Roelof Lousma de live-útstjoering. Jantine Weidenaar bringt de sjoggers út de studio yn Ljouwert wei op 'e hichte fan it lêste nijs út Fryslân.
De ekstra lange útstjoering fan Fryslân Hjoed begjint om 17.00 oere en is dêrnei alle oeren te sjen. Nei Fryslân Hjoed is in werhelling te sjen fan de ôflevering oer de winner fan It Moaiste fan Fryslân.