Kollum: "In knyn yn in buggy"

"In jier of wat lyn pleatste ik ris in foto op Facebook fan bern út ’e buert. Twa famkes en in jonkje. Se wiene mei in buggy op stap. En yn dy buggy siet in knyn. Yn myn ûnthâld wie it in Flaamske reus, mar it kin ek in oar merk west ha. Yn alle gefallen wie dy knyn in berntsje en dêr moasten se in blok mei om, want it wie moai waar. In machtich gesicht. Se giene hielendal op yn harren rol. Sels de knyn. Dy hong as in tefreden poppe yn syn feilichheidsriem de wrâld yn him op te nimmen. Yn dat tafriel kaam omgean mei bisten, boartsjen en fantasy byinoar.
Dêr moast ik oan tinke doe’t ik lêsten in reportaazje seach oer jonge ûndernimmers. Dat wie nei oanlieding fan in wykein dat de Kamer van Koophandel organisearre yn de Jaarbeurs fan Utert. Lanlike startersdagen foar bern fan acht oant tolve. It tal ûndernimmers ûnder de achttjin is yn fiif jier tiid ferdûbele. ‘Mei trije mûsklikken leit de wrâld foar de greep. Op de basisskoalle sit it starten fan in ûndernimming yn it lespakket. De jeugd fan no is folle assertiver en kreativer en sjocht kânsen.’ Dat seit bedriuwsadviseur Angele Magre fan de Kamer van Koophandel.
Berne-ûndernimmers fertsjinje harren jild as dj, flogger of runne bygelyks in ynternetwinkel. Se ferhiere ferklaaikoffers, ha in grientewinkel of jouwe bedriuwen advizen oer hoe’t dy it bêste bern online berikke kinne. It foarbyld yn de reportaazje wie in jonge fan tolve, Rens, dy’t al in pear jier lasergames ferhierde. Dêr wie er op syn achtste mei begûn. Hy hat der op it stuit 64 dy’t mei sinne-enerzjy opladen wurde. Wylst Rens en syn mem ynterviewd waarden, seach men op de achtergrûn in fanke fan tolve op it poadium yn de Jaarbeurs stean. Mei har koarte, swarte jurk en dito kleur panty’s seach se der as in archetypyske Lolita út. Sy spruts de seal fol bern ta oer hoe’t je in suksesfol flogger wurde koene.
Rens syn mem fertelde ûnderwilens dat har soan alles sels die. Dat er alle ynvestearrings dy’t sy dien hiene al weromfertsjinne hie. Rens knikte befêstigjend. Hy woe syn oanbod útwreidzje, sei er. Hy woe groeie –en hy hie it net oer syn lingte– mear omset draaie en mear winst meitsje. Mem glimke grutsk.
Ut in ûndersyk fan Linkedin blykt dat âlden it berop ‘ûndernimmer’ as de perfekte karriêre foar harren bern sjogge. Dat stiet op ien, in baan yn de finansjele sektor op twa. By de bern sels is dat krekt sa. Undernimme op ien, finansjele sektor op twa. Is soks hjir noch in relatyf nij fenomeen: yn Amearika is dat in yntegraal part fan de kultuer. It ûndernimmen krije de bern dêr mei de brijleppel ynjûn. Berne-ûndernimmers binne dêr earder regel as útsûndering, en hjir gean wy dy kant ek út.
Doe’t ik de foto’s mei de knyn yn de buggy nochris opsocht en besjoen hie, waard ik der mankelyk fan. It liken ynienen twa folslein ferskillende wrâlden. Mar hee, ik bin dan ek in romantyske âld sek."