Broadsje yn magnetron soarget foar brân yn Ljouwert

14 nov 2017 - 07:49
Foto: AS Media

In fergetten broadsje yn de magnetron wie moandei de oarsaak fan in keukenbrân yn in wenning oan de Sminiastate yn Ljouwert. Troch de brân ûntstie in soad reek. De bewenster is troch meiwurkers fan in ambulânse ûndersocht, mar hoegde net nei it sikehûs. Se is opfongen troch de buorlju.

Yn de Prinses Wilhelminastrjitte yn Grou ûntstie earder op de middei brân op de boppeferdjipping. Dêr wie de oarsaak in Ipad dy't op de tekkens lei. Der ûntstie in soad skea oan de wenning. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)