Skriuwer nij boek oer De Haan: ''Gjin #MeToo mei Foppe''

13 nov 2017 - 21:28

It nije boek oer Foppe de Haan 'Een leven lang voetbaltrainer' waard moandeitejûn presintearre yn Akkrum. Yn it boek beskriuwt auteur Menno Haanstra hoe't Foppe opgroeide sûnder gas, wetter en ljocht en letter omgie mei fuotballers dy't tonnen oan jild fertsjinnen. Yn it boek fertelle ûnder mear Ruud van Nistelrooij, Gertjan Verbeek en Riemer van der Velde oer harren relaasje mei De Haan.

Foppe, de fuotbaltrainer

It boek waard by Pauw in biografy neamd, mar dat is neffens De Haan net hielendal wier. ''It giet yn it begjin efkes oer myn thússituaasje as bern, mar dat wie wichtich om te fertellen om sjen te litten wêrom't ik no bin sa as ik bin." It boek giet benammen oer Foppe, de fuotbaltrainer. "It moaiste ferhaal fyn ik dat fan Ruud van Nistelrooij. Dy hat mar ien jier by Hearrenfean spile, mar dat hy dêrnei sa grut wurden is fyn ik noch altyd prachtich", fertelde De Haan nei de presintaasje.

Op de jûn sels waard De Haan troch kollumnist Frank Heinen oer it boek ynterviewd en fertelde Menno Haanstra oer de tastânkomming fan it boek. Fierder spile Syb van der Ploeg in spesjaal skreaun nûmer oer Foppe de Haan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)