Fryske skoalbern meie ek nei Fryske musea

Skoalbern hoege net ferplichte nei it Ryksmuseum yn Amsterdam, mar meie ek yn de eigen omjouwing nei in museum. Dat seit minister Van Engelshoven fan Kultuer. Yn it regearakkoart fan it nije kabinet is opnommen dat alle middelbere skoallebern yn Nederlân ienris it Ryksmuseum besykje moatte om in better kultureel besef te krijen. Dat mei dus ek in museum yn eigen provinsje wurde.
Oanbod
Neffens Van Engelshoven is in besite oan in museum lykwols net in ferplichting, mar in oanbod. Skoallen stean frij om wol of net nei in museum te gean yn it ramt fan kultuerûnderwiis. Mirjam Pragt, museumkonsulinte yn Fryslân, fynt it sinjaal fan de minister tige posityf. "Wij zijn hier blij mee. Wij werken al langer samen met scholen om het cultuuronderwijs vorm te geven. Een bezoek aan een museum is een goed idee."
Dochs kin it kultuerûnderwiis better, fynt Pragt. "Er is vooral meer structuur nodig, zodat het normaler wordt dat schoolklassen een museum bezoeken. De uitnodiging van de minister en de samenwerking die hieruit ontstaat is goed." Fryske musea hawwe neffens Pragt in soad te bieden oan bern. "Er is veel aanbod in de provincie."