UPDATE: Sykaksje de Iselmar beëinige, gjin skip oantroffen

13 nov 2017 - 22:01
Foto: ANP

Op de Iselmar en de Markermar hat moandeitejûn in grutte sykaksje west nei in skip, nei oanlieding fan trije needoproppen. It skip of de bemanning soe yn de problemen rekke wêze. It skip is net fûn. Neffens de Kustwacht is it noch ûndúdlik om hokker skip it gie en wat de problemen krekt wiene.

By de sykaksje kamen trettjin rêdingsboaten, in plysjeboat en in SAR-helikopter yn aksje. Ien fan de rêdingsboaten kaam fan De Lemmer. Ek de skipfeart waard ynformearre oer it fermiste skip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)