FNV en meiwurkers Caparis fiere aksje yn Fryske gemeenten

13 nov 2017 - 20:25

It fakbûn FNV en meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis fiere woansdei aksje yn acht Fryske gemeenten. Se fine dat it de ferkearde kant op giet foar de wurknimmers fan Caparis. Fjouwer Fryske gemeenten ferlitte de mienskiplike regeling foar de sosjale wurkfoarsjenning. Dit binne Achtkarspelen, Ljouwert, East- en Weststellingwerf.

Dy gemeenten hawwe lykwols noch gjin goed plan foar in sosjale wurkfoarsjenning yn de eigen gemeente, fynt de FNV. De aksje bestiet út in besite oan alle acht gemeenten, wêrby't de wethâlders in petysje oanbean krije, wêryn't omtinken foar de wurknimmers fan Caparis frege wurdt.

Trefwurden: 
Caparis FNV aksje gemeente
(Advertinsje)
(Advertinsje)