Súdwest-Fryslân wol wynmûneplan foarearst stopsette

13 nov 2017 - 19:59

De gemeente Súdwest-Fryslân wol dat de wynmûneplannen fan Nij Hiddum-Houw foarearst stopset wurde. It CDA sil dêrta moandeitejûn in moasje yntsjinje, dy't nei alle gedachten oannommen wurdt. Dat sei CDA-wethâlder Gea Akkerman yn It Polytburo. De rjochter fersmiet foarige wike noch sa'n fersyk fan de aksjegroep Hou Fryslân Mooi. Dy pleite foar it ûndersykjen fan alternativen foar de njoggen mega-mûnen dy't by de kop fan de Ofslútdyk komme moatte.

Akkerman sei fierder dat se yn Den Haag besiket de polityk der fan te oertsjûgjen dat it wynpark Nij Hiddum-Houw der net komme moat. As dat net slagget, dan wol de wethâlder dat de omjouwing finansjeel kompensearre wurdt, lykas by Wynpark Fryslân yn De Iselmar ek de bedoeling is. Dêr wurdt tweintich jier lang jierliks in heal miljoen troch de eksploitant beskikber steld oan it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)