Mooglike nije beswieren tsjin natuerbegraafplak Rûgehuzen

Natuerbegraafplak © ANP
Stichting Gaasterlân Natuerlân sil de gemeente De Fryske Marren mooglik freegje om op te treden tsjin it nije natuerbegraafplak yn Rûgehuzen. Dat sei in wurdfierder fan de stichting moandei nei ôfrin fan de rjochtsaak tsjin it bestimmingsplan fan it begraafplak. Neffens de stichting foldocht de útfiering fan de oanlis fan it begraafplak net oan it bestimmingsplan.
As it beswier tsjin it bestimmingsplan net takend wurdt, sil de stichting dan ek mooglik in proseduere starte tsjin de útfiering. De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak oer it bestimmingsplan.