Nije eigeners hawwe betrouwen yn takomst fan BSB

13 nov 2017 - 17:47

Brêgebouwer BSB Staalbouw út Sumar sil yn de takomst net allinnich brêgen bouwe yn opdracht fan oaren, mar ek sels ûntwerpe. Algemien direkteur Jan Willem Stob ferwachtet dat dy nije wurkwize it bedriuw nijsgjirriger en rendabeler meitsje sil. Ek wurdt it wurk sels sa ynteressanter foar de fyftich meiwurkers, dy't meigeane nei de trochstart fan it bedriuw. De nije wurkwize moat ek it risiko beheine dat it bedriuw jild op in projekt talizze moat. In nije bedriuwsnamme moat in streek sette ûnder it ferline fan BSB Staalbouw en de bûtenwacht sjen litte dat it fernijde bedriuw in 'BSB Staalbouw 2.0' is.

Drege perioade

BSB hat in drege perioade efter de rêch. It bedriuw wie twa kear belutsen by in earnstich ûngelok. Nei it lêste ûngelok kaam in grut projekt yn de Nederrijn stil te lizzen en wie it bedriuw twongen om it fallisemint oan te freegjen, mei in trochstart as doel. Dy trochstart is slagge. De nije eigeners binne de Brabânske ynvestearringsmaatskippij Neope Capital en it management fan it bedriuw. De nije eigeners hawwe in soad betrouwen yn de takomst fan BSB.

''Soad wurk''

"As je sjogge hoefolle brêgen yn Nederlân de kommende jierren restaurearre of ferfongen wurde moatte, dat komt der in soad wurk op ús ôf", seit Stob. Ek de Brabanners hawwe hege ferwachtingen. "Dit bedrijf kan zeker geld verdienen", seit wurdfierder Wilfred Barenbrug. "Het is een mooi bedrijf met veel passie en vakkennis. We zijn trots op deze overname in Friesland." De Brabanners binne net fan doel om it bedriuw wer fluch troch te ferkeapjen foar in flugge winst. "We stappen hier in voor de langere termijn."

It bedriuw wol de aktiviteiten wer sa gau mooglik oppakke. Dat moat ek, want yn de produksjehal leit no de helte fan de nije brêge fan Aduard. Dy brêge moat, as it heal kin, begjin takommend jier oplevere wurde. Direkteur Stob wol dêrom wer sa gau mooglik los.

(advertinsje)
(advertinsje)