Alternatyf socht foar busrûte oer smelle brêge Aldtsjerk

Busferfierder Arriva en de provinsje besjogge oft de bus it doarp Aldtsjerk op in oare wize oandwaan kin. De âlde brêge yn it doarp is relatyf smel. Guon sjauffeurs hawwe grutte muoite mei de draai dy't makke wurde moat, mei in soad skea ta gefolch. Al ferskate kearen binne ruten fan bussen sneuvele of hat de foarkant tsjin de reling oansitten. De busferbining is lykwols fan grut belang foar de doarpsbewenners, sa seit Marja de With fan doarpsbelang.
Kommende moanne gean se om tafel mei de provinsje en Arriva. Dan wurdt ek sjoen nei de útkomsten fan in enkête ûnder doarpsbewenners nei wat sy fine wat de bêste rûten binne.