"Snobbersguodsteller moat nei residivisteklinyk"

13 nov 2017 - 16:45
Snobbersguod - Foto: ANP

In 46-jierrige man út Ljouwert moat nei in ynrjochting foar residivisten, as it oan it Iepenbier Ministearje leit. Nei ferskate warskôgings is de man op 'e nij yn de fout gien. Yn juny en septimber stiel de man in pûdsje snobbersguod by in nachtwinkel en fjouwer flessen bodylotion by in drogist yn Grins. De man stie al bekind as residivist en is ferslave oan drugs.

Neffens de man hie er sin oan swiet guod by de stellerij. De man hat al twa kear earder feroardiele west ta in residivisteklinyk en hy hat ek noch 180 dagen selstraf tegoede út in oare feroardieling.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
snobbersguod residivist
(Advertinsje)
(Advertinsje)