Beammen foar hûndertjierrigen yn Opsterlân

© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Alle hûndertjierrigen fan de gemeente Opsterlân krije tenei in eigen fruitbeam. Yn de gemeente binne twa lokaasjes dêr't beammen komme foar de iuwlingen, yn Oerterp en op De Gordyk. No tongersdei wurde de earste beammen yn Oerterp plante troch boargemaster Ellen van Selm. Se plantet de beammen mei trije boargers dy't dit jier 100 of âlder wurden binne.