100.000e besiker fan it jier op miljeustrjitte Omrin

13 nov 2017 - 15:13
Foto: Gaston Waterval (haad Miljeustrjitten Omrin), Meinard Kuipers (bedriuwsdirekteur Omrin), Jeroen van der Ploeg en Hascha Dekker (gemeente Ljouwert)

De miljeustrjitte fan Omrin en de gemeente Ljouwert ûntfongen moandei de hûnderttûzenste besiker fan dit jier. De Ljouwerter Jeroen van der Ploeg wie de lokkige dy't fanwegen dit heuchlike feit in kadobon krige fan de Recycle Boulevard fan Omrin.

Omrin hat yn Fryslân op dit stuit tsien miljeustrjitten. Twa dêrfan binne yn Ljouwert. Yn Fryslân binne ûngefear tweintich miljeustrjitten.

Trefwurden: 
miljeustrjitte Omrin
(advertinsje)
(advertinsje)