150 oeren wurkstraf foar Issa K.

13 nov 2017 - 14:59

SC Cambuurspiler Issa K. moat 150 oeren wurkstraf dwaan fanwegen ûntucht mei in 14-jierrich famke. Dat meldt RTV Utrecht. De saak spile yn 2015, doe't Issa by FC Utrecht spile. De straf is leger as dat by de sitting easke wie. De rjochter hat by de feroardieling rekken hâlden mei it feit dat Issa K. sawol by de plysje as by de rjochter folsleine iepenheid fan saken jûn hat. De spiler waard ek feroardiele ta twa dagen selstraf, mar dy hat er yn foararrest al útsitten.

SC Cambuur pleatste moandeitemiddei in statement op de webside fan de klup. Cambuur seit de saak serieus te nimmen en hat yn petear west mei Issa K. Foar de klup is de saak mei de útspraak fan de rjochter no ôfdien. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)