Pikeboer Abbegea nominearre mei útfining tsjin fûgelgryp

13 nov 2017 - 14:17

It soe wolris dé oplossing wêze kinne foar pikeboeren yn de striid tsjin de fûgelgryp: de útfining fan pikeboer Hazenberg yn Abbegea. Hy komt mei in doek dat foarkomt dat focht noch langer yn de stâlen komme kin. Fia dat focht komt neffens Hazenberg ek it firus de stâl binnen. Hy ferlear ferline jier sels 60.000 hinnen oan it firus. De Universiteit Wageningen wol de tapassing fan it doek fierder ûndersykje.

Hazenberg is mei syn útfining nominearre foar de ynnovaasjepriis ForFarmers. Earder krige er al de oanmoedigingspriis. Der binne yn totaal acht nominaasjes. Op 12 desimber wurdt dúdlik wa't de priis wûn hat.

Trefwurden: 
Fûgelgryp Abbegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)