Omrop TIP: Romania Romania

18 nov 2017 - 09:23

Ofrûne simmer reizge klezmer-muzikant Jaap Mulder troch Transsylvaanje, Roemenië. Hy brocht in besite oan dat lân yn it ramt fan in konsertrige fan syn band Di Gojim en tal fan muzikaal-mienskiplike projekten.

Filmmakker Murk Jaap van der Schaaf folge de ferneamde muzikant Jaap Mulder (Ljouwert, 1959) foar Fryslân DOK. Yn de film komme de woartels fan syn muzikale DNA yn Roemenië nei foaren. Dit blykt benammen wannear’t Mulder oare muzikanten moetet en sy sûnder inoars taal te sprekken inoar witte te finen en deselde passy mei-inoar blike te dielen: in libben sûnder muzyk is ûntinkber.

Al 30 jier litte Jaap Mulder en syn band Di Gojim harren ynspirearje troch de muzikale tradysjes fan dy regio. Mar is hy dêrtroch ek ferbûn mei de lokale muzikanten en harren kultuer? Of bliuwst in bûtensteander?

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Romania Romania’ is op snein 19 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)