Wurkstraf easke tsjin Drachtster yn ûngeloksaak

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 33-jierrige Drachtster is moandei foar de rjochtbank 200 oeren wurkstraf easke. De man soe boppedat twa jier lang net ride meie, as it oan de offisier fan justysje leit. De man wie ûnder ynfloed fan drank en GHB doe't er op 25 july ôfrûne jier op de Omloop yn Sint-Nyk in fytster it sikehûs ynried. De man kaam krekt fan de húsdokter foar in ferwizing nei in klinyk om fan syn ferslaving ôf te kommen. Twa dagen nei it ûngelok waard de man yn Skarsterbrêge oanhâlden. Hy wie op 'e nij ûnder ynfloed en hie fernielingen oanrjochte.
Oardel jier lyn krige de man ek al in wurkstraf oplein nei't er ûnder ynfloed in tún ynriden wie. Hy soe no wol fan syn ferslaving ôf wêze. De rjochter docht op 27 novimber útspraak.