Gjin nije flitspeallen nei Fryslân

Yn Fryslân komme der gjin nije flitspeallen mei saneamde ANPR-kamera's by. ANPR stiet foar Automatic Number Plate Recognition en wurdt brûkt om kentekens te scannen. Mei de kamera's wurdt sjoen oft bestjoerders mooglik socht wurde troch de plysje. Lanlik wurdt it oantal kamera's útwreide mei sa'n 200. Yn Fryslân komme der dus gjin nijen by.
Neffens in wurdfierder fan de plysje is sjoen nei de ferkearsfeilichheid en grutte ferkearsstreamen. Om't dy feilichheid yn Fryslân goed is, binne kamera's hjir net nedich. Yn Fryslân binne al wol trije fan dizze kamera's: twa yn de omjouwing fan de Ofslútdyk en ien by it knooppunt fan de A32 en A7 op It Hearrenfean.