FIDEO: Freerk docht mei oan it Biltsk sjongfestival

13 nov 2017 - 16:00

It is it hichtepunt fan it jier foar Freerk van der Leij út Sint-Jabik: it Biltsk sjongfestival. Ek dit jier is er wer fan de partij. Janko Krist folget him foar Hea! en sjocht hoe't er thús al drok oan it oefenjen is. "Als de lente komt, dan stuur ik jou tulpen uit Amsterdam" sjongt er mei it tekstpapier yn de hannen. Tusken de byldsjes en knuffels op de bank fertelt er oer syn dielname. "It sjongfestival, dêr moatst hinne. Dêr libbest nei ta en sjochst nei út." Freerk is in "geboren vrijgezel", hy wenne altyd mei syn mem, mar dy is seis jier lyn ferstoarn. "Ik ha dêrnei neat feroare oan it hûs."

Polonêze

Yn Sint-Anne is it sjongfestival. Freerk keapet fuort tsien munten foar bier, mar dy binne samar wer op. "Je moatte in bytsje sfear meitsje, der net as in kanarje stean." Nei in skoft wachtsjen, en flink wat pilskes fierder, is er oan bar. Hy sjongt in medley fan Koos Alberts, "nee net yn in rolstoel", fan Amsterdamske lieten. Dat er syn tekst wolris ferjitte soe, makket neffens Freerk net folle út. "Sa kritysk is dit publyk net." Steand op it poadium krijt er de hiele seal mei dy't entûsjast de hannen yn de loft swaait en in polonêze rint. "Geef mij maar Amsterdam..." Nei syn optreden is Freerk hielendal bliid. "It jout in kick ast sjochst dat it publyk meidocht. Sa no earst mar wer ris in pilske." Takom jier is er grif wer fan de partij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)