Huitema: "Ferdûbeljen EU-budzjet bizar foarstel"

It ferdûbeljen fan it budzjet fan de Europeeske Uny (EU) is in bizar en ûnnedich foarstel. Dat seit Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea. Foarsitter Antonio Tajani fan it Europeesk Parlemint seit dat sa'n ferdûbeling nedich is om de flechtlingekrisis en de terreurdriging te bestriden. Hy pleitet foar Europeeske belestingen.
Neffens Huitema is it plan fan Tajani kânsleas. Omdat lannen fetorjocht ha, hoecht der mar ien tsjin te wêzen, en dan giet it hiele plan net troch, seit er. "Ik begryp dat prioriteiten feroarje kinne. Mar dan moatte je earst snije yn eigen fleis. De EU hat no de gewoante om al it jild dat der is fuortendaliks út te jaan, omdat it der is. En dat moat oars. Jild dat net perfoarst nedich is, moat werom nei de ynwenners."
Huitema pleitet foar in Europeeske 'Zalmnoarm'. Dat wol sizze dat de útjeften loskeppele wurde fan de ynkomsten. De namme ferwiist nei âld-minister Gerrit Zalm fan finânsjes, dy't dizze noarm ynfierde yn it earste kabinet-Kok yn de jierren 1990. Huitema neamt it 'soarchlik' dat dy noarm der yn Europa net is.
Huitema is it ynhâldlik dúdlik ûniens mei de parlemintsfoarsitter, mar dat Tajani seit dat der ekstra jild nei Europa moat, is ek foar it imago fan de EU net handich, seit Huitema. "Dom eins."