Wagenaar wint FK Sterkste Man

30 okt 2011 - 18:06

Jan Wagenaar fan Skearnegoutum is snein foar de fiifde kear op rige de Sterkste Man fan Fryslân wurden. De regearend nasjonaal kampioen wûn yn it WTC-Expocenter trije fan de fiif ûnderdielen. Jitse Kramer fan Ljouwert waard twadde, en it brûns gie nei Johan Langhorst fan Snits. Wagenaar skreaun dêrmei histoarje, want hy is de earste Sterke Man dy't fiif titels op rige pakte. It âlde rekôr dielde hy mei Wout Zylstra dy't dat fjouwer kear prestearde.

Trefwurden: 
Jan Wagenaar FK Sterkste Man
(Advertinsje)
(Advertinsje)