Eet en Weethûs:15.569 besikers

30 okt 2011 - 16:47

It Eet & Weethûs fan it Frysk natuermuseum hat yn twa wike tiid 15569 besikers lutsen. Dat is in rekôr, want nea earder luts it museum yn twa wike tiid safolle folk. It Eet & Weethûs wie betocht om bern en harren famylje sjen te litten hoe nijsgjirrich iten eins is. Bern koene sels nôt mealle, pankoeken bakke, proefkes dwaan en in chips-tsunami belibje. Yn de hjerstfakânsje luts it Eet & Weethûs al 10.000 minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)