Cambuur: 3 man fersliepe har

30 okt 2011 - 16:30
Foto: Omrop Fryslân

Cambuurspilers Wout Droste, Charles Dissels en Melvin de Leeuw sieten by de wedstriid Sparta-SC Cambuur sneintemiddei foar straf op 'e bank. Alle trije wiene se snein te let foar de busreis nei Rotterdam. Dit hie te krijen mei de wintertiid.

De Cambuurspilers hiene de tiid per ûngelok dûbel achterút setten. Dat betjutte dat trainer Alfons Arts de langsliepers op de bank starte liet. Arts wie neffens eigen sizzen 'lulk en teloarsteld' oer it te let kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)