Trije ynstânsjes takom jier fierder as Hulpmiddelencentrum

It Hulpmiddelen Centrum, Lammert de Vries Revalidatietechniek en Groene Kruis Winkels wurkje fan 1 jannewaris ôf fierder ûnder de namme Hulpmiddelencentrum. De trije ynstânsjes wurkje al langer gear en wolle no fierder ûnder ien namme en ien logo. Dat is benammen bedoeld om de bekendheid te fergrutsjen.
Foar besteande kliïnten sil neat feroarje. It Hulpmiddelencentrum wurket ferspraat oer it lân en hat 500 meiwurkers, dy't wurkje yn regionale teams.