Cambuur ferliest fan Sparta

30 okt 2011 - 15:30

Sportklup Cambuur hat tsjin tsien Spartanen de oerwinning net pakke kind. Snein wie Sparta hear en meester op it eigen Kasteel: it waard 2-0. Sûnt de 34e minút spile de ploech fan trainers Arts en De Jong tsjin 10 man, omdat Varela de reade kaart krige foar in slimme oertreding op Vosselman. Cambuur besocht doe lyk te meitsjen. Mar ûndanks it oerwicht bleaune tsien Spartanen de hiele wedstriid gefaarlik fia de counter. Dit resultearre yn 'e 74e minút yn in twadde treffer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)