Aksje foar krystpakketten yn Wielenpôlle rint poerbêst

13 nov 2017 - 10:12

Rinus Pel, Baukje de Roos, Piet Kramer en Edward Kooistra binne miskien wol de krystingels fan de Wielenpôlle. Sy hawwe mei inoar in aksje opset om krystpakketten te regeljen foar minsken mei in smelle beurs yn har Ljouwerter buert. De aksje rint dat it slydjaget: it wie de bedoeling dat sa'n 50 minsken har oanmelde soene foar in pakket, mar it binne der yntusken al sa'n 230. "Het is hartstikke mooi en iedereen is enthousiast," fertelt Rinus Pel. Hy hat in soad kontakten yn Ljouwert en dus wie it foar him en de oare frijwilligers net al te dreech om guod los te krijen by winkels en bedriuwen. Sa binne der ûnder oare 20 lunchbonnen, 27 rollades en 30 fleisbonnen ophelle. Dêrnjonken binne der ek partikulieren dy't wat jouwe. Sa krigen se fan ien persoan 200 euro om te besteegjen oan krystpakketten.

De aksje is ek in bytsje in protest, sa fertelt Pel: "Het is een beetje een lange neus naar de gemeente, want die zou het eigenlijk moeten doen. Het zou mooi zijn als de wethouder eens langs zou komen, dan kon hij ook al eens anders oordelen over de wijk" seit Pel, dêrmei wiist er op it imago dat de wyk by de polityk hat. Minsken kinne har fia Facebook opjaan, yn desimber wurdt bekend wa't in pakket krijt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)