Plysje pakt Ljouwerter metaaldieven

13 nov 2017 - 09:32
Wurksumheden by it Europaplein yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn trije metaaldieven oanhâlden. It giet om trije Ljouwerters, twa manlju fan 18 en 21 jier en in frou fan 20 jier. Se waarden trappearre op it Europaplein en oanhâlden. It trio sit fêst foar fierder ûndersyk. Harren auto mei oanhingwein is yn beslach naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)