Nije eigeners foar BSB Staalbouw; 50 meiwurkers kinne mei

It bedriuw BSB Staalbouw yn Sumar makket in trochstart mei sa'n 50 fan de 77 meiwurkers. It bedriuw wurdt oernommen troch ynvestearringsfûns Neope Capital út Brabân en it hjoeddeistige managementteam fan it bedriuw. BSB is spesjalisearre yn it meitsjen fan stielen brêgen en slûsdoarren. It bedriuw bliuwt yn Sumar, mar krijt meikoarten wol in nije namme. De meiwurkers fan BSB wurde moandei om 13.00 oere troch Neope Capital en de nije algemien direkteur Jan Willem Stob ynformearre oer de takomstplannen.
BSB Staalbouw frege op moandei 23 oktober sels it fallisemint oan. Oanslutend wie der in soad belangstelling fan oername kandidaten. Kurator Cnossen hat mei trije gadingmakkers yn petear west. Utgongspunt hjirby wie behâld fan safolle mooglik wurkgelegenheid yn Sumar. De nije direkteur Stob seit dat er it spitich fynt dat net alle meiwurkers by BSB bliuwe kinne. "Sjoen de oarderportefúlje is dat spitigernôch net mooglik", seit Stob. De foarige eigener fan BSB Staalbouw, Jan Pesie, is net by de trochstart belutsen, mar hat wol syn betrouwen útsprutsen yn de nije kombinaasje fan Neope en it management.
Rinnende projekten
Neope en it sittende management lizze 1 miljoen en 20.000 euro foar de oername op it kleed, plus in part fan de ynkomsten fan de rinnende projekten. Fierder krijt it bedriuw ek in 'kapitaalsynjeksje' yn it wurkkapitaal. Dat is nedich, omdat it bedriuw wer driuwend foarrieden nedich hat om wer oan de slach te kinnen. It is it doel dat BSB de rinnende projekten wer safolle mooglik oppakke en útfiere sil.
Der binne noch gjin ôfspraken makke oer de renovaasje fan de keardaam by Driel yn de Nederrijn. Dat lêste projekt waard stillein nei in slim bedriuwsûngelok, dêr't in dûker by om it libben kaam. BSB is ree om hjir wer oan it wurk te gean as dêr goede ôfspraken oer makke wurde kinne mei de oare belutsen partijen.