Mear besikers foar Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Film Festival hat dit jier 22.500 besikers lutsen. Dat binne sa'n tûzen besikers mear as ferline jier. De organisaasje is hjir tige wiis mei. Sneintejûn is de 38ste edysje fan it festival ôfsletten mei de Nederlânske premjêre fan de film Beyond Dreams. Foarôfgeand oan dizze foarstelling waard de publykspriis útrikt. Dizze wie dit jier foar it sportdrama Borg/McEnroe fan de Deenske regisseur Janes Metz.

​Sân films út it Noarden fan Nederlân krigen de eare om mei in Noorderkroon-award ûnderskieden te wurden. Sa krige Pieter Verhoeff de award foar bêste spylfilm foar Tokyo Trial, en mocht Tom Tieman de priis foar bêste dokumintêre mei nei hûs nimme foar syn wurk 'De laatste boer van Euvelgunne'. En wylst it festival fan dit jier noch mar krekt achter de rêch is, is de organisaasje no alwer dwaande mei de edysje fan takom jier. Dan sil it filmfestival yn totaal in wike duorje, fan moandei oant snein.